Bungalowpark Pharshoeke nimt ôfskied fan "Irish Travellers'

06 mrt 2017 - 17:46
Fakânsjepark Pharshoeke yn Heech - Foto: Omrop Fryslân

De mobile groep 'Irish Travellers' dy't op in bungalowpark yn Heech siet, is troch de eksploitant fan it terrein ôfstjoerd. It giet om in groep Ingelsktalige manlju, dy't fan doar ta doar geane en oanbiede om putsjes te dwaan. Dêr easkje se soms hege bedragen foar, se leverje bytiden minne kwaliteit of binne agressyf. De eksploitant fan it bungalowpark hat net in soad oerlêst fan de Ieren hân, mar hy is bliid dat er no syn park 'wer werom hat'. Hy hie it gefoel dat de groep fan tsien manlju 'it park oernaam'.

Smoarge boel

Der kamen gauris oare minsken op besite. De manlju hawwe neffens de eksploitant in smoarge boel efterlitten yn de bungalows. De plysje fan Snits warskôge foarige wike minsken om gjin saken mei dizze manlju te dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)