KabelNoord: "Digitalisearring ûnderwiis yn regearakkoart"

06 mrt 2017 - 17:39

In grutte groep bedriuwen yn Nederlân, wêrûnder KabelNoord yn Dokkum, ropt listlûkers fan de lanlike partijen op om de digitalisearring yn it ûnderwiis op te nimmen yn it nije regearakkoart. Dy oprop dogge sy yn De Telegraaf en Het Financieele Dagblad. De bedriuwen fine dat bern en jongeren op skoalle folle mear digitale feardichheden leare moatte, lykas it programmearjen fan kompjûterprogramma's. Dêrtroch meitsje se mear kâns op in baan, as se oer in jier as tsien de arbeidsmerk op gean.

Feardichheden foar de takomst

Anja Paap fan KabelNoord fertelt dat sy it belangryk fynt dat learlingen dat al op de basisskoalle leare moatte. "De kinderen moeten later de juiste vaardigheden hebben en daarom moeten ze dat nu alvast op school leren." KabelNoord is sels twa jier lyn al úteinset mei it 'adoptearjen' fan basisskoallen út harren wurkgebiet. "Scholen hebben hun leerkrachten op training gestuurd, organiseerden programmeerlessen in de klas of gingen in de klas bezig met een leskist met digitaal materiaal en lesbrieven."

(Advertinsje)
(Advertinsje)