Wurkstraf ûnder betingst foar mishanneling túnpisser

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Peins en in man út Harns hawwe in wurkstraf ûnder betingst krigen foar de mishanneling fan in man dy't yn syn eigen tún stie te pisjen. De twa seagen dat en nei wat roppen en razen hinne en wer, ûntstie der fjochterij. It slachtoffer krûpte ûnder in auto en waard dêr skopt en slein.
De offisier fan justysje easke earder in wurkstraf fan 60 oeren. Mar de rjochters makken dêr in straf ûnder betingst fan, omdat it slachtoffer sels de konfrontaasje socht hie.
Boppedat hat er nei de tiid filmkes op YouTube set om syn mishannelers yn in kwea deiljocht te stellen.