VerhalenArk docht nei fjouwer jier Fryslân wer oan

06 mrt 2017 - 15:45
De VerhalenArk lei yn 2012 yn Drachten

De VerhalenArk is foar it earst yn fjouwer jier wer yn Fryslân. De Ark is in driuwend bibels museum. De eigener hat der de lêste sân jier mei troch Europa fearn, om minsken yn kontakt te bringen mei ferhalen út de bibel. De Ark krige wrâldwiid in soad bekendheid neidat it skip yn botsing kaam wie mei in skip fan de Noarske kustwacht. Neffens de eigener wie dat in teken om mar wer ris op hûs oan. De Ark leit op it stuit yn Harns. Nije wike moandei fart er nei Ljouwert, dêr leit er dan in goeie moanne oan de Snekerkade.

(Advertinsje)
(Advertinsje)