SP wol dat ôffalovens foutmarzjes nei boppen ta bystelle

06 mrt 2017 - 15:28
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Offalovens lykas de REC yn Harns moatte de mjitmetoaden oars oanpakke. Dat fynt de SP yn de Twadde Keamer. Se meie de mjitgegevens mei in foutmarzje korrizjearje. Yn de praktyk stelle de ôffalovens de gegevens nei ûnderen ta by. Dat is yn harren foardiel, seit de SP. Se gean dan minder gau oer de noarmen hinne.

De SP stelt foar de foutmarzjes yn mjitwearden tenei nei boppen ta by te stellen, mei it each op mooglike sûnensrisiko's.

Flaters yn de praktyk teste

De partij fynt it ek logysk om net út te gean fan teoretyske wearden, mar om mjitflaters geregeld yn de praktyk te testen. Dat is mei de apparatuer fan tsjintwurdich maklik, en dan sitte jo altyd goed en feilich, seit de SP. De partij hat de kwestje oan de oarder steld bij de minister.

Trefwurden: 
SP REC ôffaloven Twadde Keamer
(advertinsje)
(advertinsje)