Heakkekrús en leuzen kerve op basisskoalle Easternijtsjerk

06 mrt 2017 - 13:01
Foeke Sjoerdskoalle yn Easternijtsjerk - Foto: Google Streetview

Op de Foeke Sjoerdskoalle yn Easternijtsjerk binne it ôfrûne wykein in heakkekrús en kwetsende leuzen oer NSB'ers en homo's yn de keunststof panielen kerve. It skoalbestjoer kaam der moandeitemoarn achter en hat it fuortendaliks fuorthelje litten. De plysje is op de hichte brocht en ûndersiket wa't der achter sit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)