"De Peugeots komme der hjir net yn"

"'De Peugeots komme der hjir net yn" seit Gonnie van der Meulen fan it 'Eerste Nederlanse Opel Museum' op 'e Tynje. Mear as santich Opels stean dêr te pronkjen, de nijsten fan de jierren 1970. It is dus benammen nostalgy. "It soe sa mar kinne dat we it hjir no wer drokker krije", fertelt se. "It hiele merk Opel wurdt dalik miskien wol nostalgy..." Moandei waard bekend dat it Dútske Opel oernaam wurdt troch it Frânske Peugeot.
Grut ekonomysk nijs yn de autowrâld, mar ek foar de echte leafhawwers. Want in echte Opel-man of frou hat it measte net mei de Frânske auto's, waard altyd tocht. Mar tiden hawwe tiden. "Wy ha ek in garaazjebedriuw en dêr ha we alle merken. Sa giet dat hjoed-de-dei" seit Gonnie van der Meulen. It Opel-museum op 'e Tynje giet yn april wykeins wer iepen.