Plysje dielt boetes út yn Burgum

© Plysje
Yn Burgum en omkriten hat it ferkearsteam fan de plysje snein trettjin minsken oanhâlden of beboete. It giet benammen om jongerein dy't foar oerlêst soarget. Twa bestjoerders rieden sa gefaarlik dat se in kursus folgje moatte. It giet om in 20-jierrige bestjoerder út Tytsjerksteradiel en in 23-jierrige út Achtkarspelen dy't beiden mei gefaarlik hege snelheid troch it doarp rieden. De boetes waarden útdield foar te hurd riden, te folle lûd meitsje of te donkere foly op de ruten.