Rutger Hauer oanlutsen as regisseur "Rotterdam, I love you"

06 mrt 2017 - 11:01
Rutger Hauer - Foto: Omrop Fryslân

Akteur Rutger Hauer fan Beetstersweach is taheakke oan it team fan alve regisseurs dat mei de ynternasjonale film ''Rotterdam, I love you'' in oade makket oan de havenstêd. Neist Hauer dogge ek regisseurs Martin Koolhoven en Joost van Ginkel mei. ''Rotterdam, I love you'' is diel fan de Cities of love-filmsearje. Earder kamen Parys en New York oan 'e oarder. De alve regisseurs sille mei help fan ynternasjonale akteurs harren ferhaal oer Rotterdam fertelle. De film wurdt kommende simmer opnaam en komt yn 2018 yn de bioskoop.

Trefwurden: 
Rutger Hauer film
(Advertinsje)
(Advertinsje)