Ankie Ytsma slút moai maratonreedrydseizoen ôf

06 mrt 2017 - 08:19

Maratonrydster Ankie Ytsma (31) út Ljouwert hat in geweldich seizoen achter de rêch. Fan de fjouwer wedstriden op natueriis ried se der trije op it poadium. Uteinlik waard se tredde yn it natueriisklassemint. Ofrûne sneon yn Amsterdam gong it minder by de lêste wedstryd op keunstiis fan it seizoen, de KPN Maraton Cup. Mei har team Cenned besocht se de jongste fan it team, Laura van Ramshorst, op it poadium te riden. Mar koart foar de lêste ronde waard Ankie ûnderút helle yn ‘e bocht. Irene Schouten wûn de race.

Elma de Vries waard twadde en Corine Strikwerda einige as tredde. Elma de Vries fan De Haule hat sneon it einklassemint fan de KPN Maraton Cup op har namme skreaun.

Trefwurden: 
Ankie Ytsma maraton reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)