Learlingen leare oer wetter yn 'Water Battle'

06 mrt 2017 - 08:06

Sân Ljouwerter skoallen dogge mei oan de 'Water Battle'. De 400 learlingen leare yn dizze wedstriid alles oer wetter mei as doel om der better mei om te gean. Ek âlden wurde derby belutsen. De bern spylje in game en kinne ûnder oare punten krije troch fragen te beäntwurdzjen. Mei in app leare âlden hoe't se it brûken fan wetter better oer de dei spriede kinne. Yn hûs wurdt in wettermjitter ynstallearre. De sunichste klasse wint in reis nei Nemo yn Amsterdam. De battle duorret trije moannen.

Ien fan de tips om wetter te besparjen, is koarter dûse en apparaten as in waskmasine en ôfwaskmasine nachts draaie te litten.

De game is makke troch Grendel Games út Ljouwert en ûntwikkele yn opdracht fan Vitens en provinsje Fryslân. It giet om in proef en mooglik wurdt it letter ek yn oare plakken yn Nederlân dien.

Bern út de groepen 7 en 8 fan de Kinderkoepel, IKC Het Palet, Obs De Pionier, OBS
Wynwizer, OBS Oldenije Loc. Joodse school, Prins Constantijnschool en De
Wester dogge mei.

Trefwurden: 
Water Battle Ljouwert wetter
(Advertinsje)
(Advertinsje)