"De Fryske taal feroaret hurder as de Nederlânske"

06 mrt 2017 - 07:22

"By it omdraaien fan de tiidwurden yn it Frysk hearre minsken faak wol dat it fout is en giet der in soarte fan error-knop oan, mar by ferbûgingen falt dat al minder op," fertelt Anne Merkuur. Se ûndersiket taal en taalferoaringen yn it Frysk en docht dat yn it ramt fan in promoasje-ûndersyk by de Fryske Akademy yn Ljouwert. "Benammen yn de tiidwurden feroaret der in soad.
Net inkeld yn de folchoarder fan tiidwurden, lykas 'hy hie dat moatte sizzen' mar ek de ferbûging fan tiidwurden feroaret, lykas 'do seachdest' yn plak fan 'do seachst'."

"Faak sjochst dat minsken der earst wol tsjin protestearje, mar nei ferrin fan tiid fynt men it normaal." As taalkundige ûndersiket Merkuur hoe't soks ûntstiet. "It is net altyd de ynfloed fan it Nederlânsk. Taal feroaret gewoan." Ein 2018 hopet se klear te wêzen mei har ûndersyk.

Trefwurden: 
Frysk Fryske Akademy
(Advertinsje)
(Advertinsje)