Teake Kooistra is wrâldkampioen Frysk damjen

06 mrt 2017 - 06:39

Teake Kooistra is snein wrâldkampioen FRYSK! wurden. Yn Frjentsjer wie it wrâldkampioenskip Frysk damjen fan 3 oant en mei 5 maart. By de finale kaam alles binnen twa omlopen op skerp te stean. De favoriten Jelle Wiersma (titelhâlder), Foeke Tiemensma en Teake Kooistra moasten alle trije in fear litte. Dêrmei naam Hein de Vries de lieding oant en mei de lêste omloop. Mar Kooistra focht him werom nei it twadde plak. Yn ’e lêste omloop moeten Kooistra en De Vries elkoar wêrby't Kooistra dus wûn.

Deputearre Sietske Poepjes rikte de kampioenstsjelke en krânse út oan Kooistra.

(advertinsje)