Kollum: "In folksliet dat stiet"

06 mrt 2017 - 06:17

"Noch presys tsien dagen en wy meie stimme. Yn de oanrin nei de ferkiezings op 15 maart sjochst politisy ynienen de gekste dingen dwaan. Sa stie Harry van der Molen fan it CDA dit wykein te autowaskjen yn Surhústerfean. Wat de link is tusken autowaskjen en polityk, ik ha gjin flau idee. Yn it kampanjeteam fan it CDA ha se neffens my sawiesa de put der wat út as it om kreative kampanjeideeën giet.

Sa kaam de spindoctor fan listlûker Sybrand Buma mei it plan om dit wykein in nij spearpunt te lansearjen. Bern moatte tenei wer it folksliet sjonge yn de klasse. En net wat lamliddich murmeljend ynelkoar sakke op 'e stoel, nee rjochtop njonken it buro en út folle boarst meisjonge. Neffens Buma is it folksliet nammentlik it alderheechste dat wy yn Nederlân hawwe. Wat, tocht ik. It folksliet it alderheechste dat wy yn Nederlân hawwe?

Sjoch no foar de grap ris nei it earste kûplet fan ús folksliet. Dêryn giet it oer Dútsk bloed, Oranjeprinsen en in Spaanske kening. Mar wa seit dit no écht noch wat? Wa tinkt by dizze tekst: ‘Ja man, dit bin ik. Dit is Nederlân. Hjir steane wy as folk foar.’ Net in kop toch? Ik moast it earste kûplet ek leare op skoalle, ynklusyf de oarsprong fan de tekst. Mar ik snap der oant de dei fan hjoed noch gjin snars fan. It is in nuvere tekst út in fier fier ferline, dêr't gjin Nederlanner him hjoed-de-dei noch yn herkent.

Mar neffens Buma giet it net sa bot om de tekst, nee it giet om it herstel fan noarmen en wearden oer it algemien. Noarmen en wearden, fan dy kombinaasje giet my it hier rjocht oerein stean. Want litte we earlik wêze: watfoar noarmen en wearden sitte der yn ús folksliet? Neat toch? Ik persoanlik sels ferstean hiel wat oars ûnder noarmen en wearden. Dat hat neat mei Dútsk bloed of Spaanse keningen te krijen, mar giet oer hoe't wy hjir yn Nederlân mei elkoar omgeane, wat we hjir as normaal beskôgje. Mei oare wurden: alle skreaune en ûnskreaune regels dêr't wy ús allegearre oan hâlde moatte.

Foar my binne noarmen en wearden datst mei dyn hannen fan helpferlieners ôfbliuwst. Datst it net yn dyn domme harsens hellest om op de A59 by Den Bosch foar in ambulânse mei sirenes riden te gean en dan op de remme te traapjen om de helptsjinsten te hinderjen. Datst mei dyn klauwen ôfbliuwst fan de kondukteur yn de trein en datst gjin grutte bek hast tsjin de plysje. Dat binne noarmen en wearden.

Datst trouwe kinst mei wa’st wolst, man of frou. Datst hân yn hân rinne kinst as homo en datst dan net ynelkoar slein wurdst troch in steltsje debilen. Datst der earlik foarút komme kinst op dyn wurk, sûnder dat kollega’s dy nuver oansjogge. Datst nei in homomoetingsplak yn it Amsterdamske Oosterpark gean kinst, sûnder it risiko te rinnen datst delstutsen wurdst. Dat binne noarmen en wearden.

Datst sels bepaalst ofst in poppe krijst of net. Datst de mooglikheid hast om in swangerskip ôf te brekken ast der wis fan bist datst net foar it lytske soargje kinst. Datst boppedat sels bepale kinst wannear'tst klear bist mei it libben. Datst net foar in trein hoechst te springen of fan in flat wannear’t it libben op is, mar datst weardich ôfskied nimme kinst fan de minsken dêr’tst fan hâldst. Dat binne noarmen en wearden.

Mar boppeal datst âld wurde kinst mei respekt. Dat we al dy minsken dy’t harren libben lang wurke ha foar en oan ús lân op in respektfolle wize âld wurde litte. Dat we se de soarch en oandacht jouwe dy’t se fertsjinje. Omdat we wiis binne mei al dy minsken dy’t ús just al dizze noarmen en wearden skonken hawwe. Want dêr giet it úteinlik allegearre om.

Bêste Sybrand Buma, as jo hjir in knap nij folksliet fan meitsje kinne, dan wol ik dat bêst elke dei steand njonken myn buro sjonge. Want pas dan sil ik tinke: ja, dit bin ik. Dit is Nederlân sa’t it wêze moat. Dit is it liet dêr’t ús folk letterlik en figuerlik foar stiet."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)