KNRM: "Swimmers faak net bewust fan gefaren fan de see"

05 mrt 2017 - 21:09

Toeristen op de Waadeilannen dy't it wetter yn dûke, kinne de gefaren fan de see faak net. Dat is de yndruk fan de KNRM, de Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij. Benammen de libbensgefaarlike 'muistroom' dy't de swimmer de see oplûkt, oerfalt in soad minsken. Dêrom sille ek dit jier yn de simmermoannen wer tachtich lifeguards aktyf wêze op de strannen fan de Fryske waadeilannen. Se binne der net allinne om libbens te rêden, mar foaral om te warskôgjen. 

Net elkenien kin samar strânwacht wurde, sa die snein bliken op in seleksjedei op It Hearrenfean. Sa moatte je 1 kilometer drave binnen sa'n fiif minuten en 400 meter swimme yn acht minuten. Boppedat moatte je âlder wêze as 18 jier om't je somtiden yn heftige situaasjes fan libben en dea telâne komme kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)