Jackelien fan Menaam tredde by ferkiezing Miss Boerin 2017

05 mrt 2017 - 20:21

De 21-jierrige Jackelien Visser fan Menaam is sneontejûn tredde wurden by de ferkiezing fan Miss Boerin 2017. Yn it Oeriselske Bathmen gong se de striid oan mei acht boerinnen en boeredochters. De ferkiezing waard wûn troch boerin Ellen Maessen út Limboarch. De oare twa Friezinnen dy't meidienen, Ineke Hoekstra (21) fan Aldebiltsyl en Rixt de Jong (19) út Easterbierrum, foelen net yn de prizen.

Jackelien komt fan in melkfeebedriuw mei 600 kij. Melke, ynkûlje en trekkerride fynt se allegear machtich moai.

De Friezinnen binne grutsk op harren ôfkomst en woene mei harren dielname de agraryske sektor yn in strieljend deiljocht sette.

(advertinsje)
(advertinsje)