Sven Kramer tinkt der net oer om op te hâlden

05 mrt 2017 - 19:29
Ireen Wüst en Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer hat snein syn njoggende wrâldtitel allround pakt, mar de reedrider tinkt der net oer om op te hâlden. "Ik bin better as ea. Der is dus gjin inkelde reden om op te hâlden." Kramer sjocht alwer út nei it WK allround fan folgjend jier yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. "Dêr sil ik myn uterste bêst dwaan om myn tsiende wrâldtitel te fertsjinjen."

Yn Hamar foel dit wykein de goede bân tusken de 30-jierrige Kramer en syn njoggen jier jongere ploechmaat Patrick Roest op. "Ik tink dat hy de kroanprins is en dat er my opfolgje sil. Wannear? Dat wit ik net, dyn eigen prestaasjes hast sels yn 'e hân."

Ireen Wüst pakte yn Noarwegen har sechsde wrâldtitel allround. "Het was een zwaarbevochten wereldtitel, maar daardoor ook heel mooi. Alleen jammer dat mijn ploeggenote Antoinette de Jong net geen derde is geworden", sa sei Wüst nei ôfrin.

(advertinsje)
(advertinsje)