UPDATE: Fûgel fernielt spilersbus SC Hearrenfean yn Grins

05 mrt 2017 - 18:02
Foto: arrivatouring.nl

De spilersbus fan SC Hearrenfean is sneintemiddei fernield, doe't er troch Grins ried. Dat meldt RTV Noord. Earder waard der melden dat der in stien tsjin it foarrút smiten waard, mar neffens ferfierder Arriva is der in fûgel tsjin it rút oan flein. Dat hat flinke skea feroarsake. Neffens Arriva wurdt de spilersbus geregeld ynset foar 'normale dienstritten'. Dat wie ek de reden dat de bus yn Grins wie. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)