Unike Sven Kramer pakt njoggende wrâldtitel

© ANP
Sven Kramer is foar de njoggende kear yn syn romrofte karriêre wrâldkampioen allround wurden. Yn Hamar wûn er sa as ferwachte de 10 kilometer. De winnende tiid 13.10.45. Syn ploechmaat en debutant Patrick Roest ried yn syn rit tsjin de kampioen syn fjirde persoanlike rekôr. Mei 13.21.11 waard er fiifde en twadde yn de einstân. Jan Blokhuijsen kleure it poadium hielendal oranje-blau. Hy die de langste ôfstân yn 13.13.39, goed foar it twadde plak. Dêrmei pakte er it brûns yn it einklassemint.