Cambuur tefreden: "Dit wie in saaklike oerwinning"

Tefreden gesichten by SC Cambuur nei de 3-0 oerwinning tsjin Achilles '29 yn Groesbeek. It wie net de bêste wedstriid fan it jier, mar dat makke trainer Sipke Hulshoff net safolle út: "Dit wie in saaklike oerwinning. We kamen gau op foarsprong en dat woene wy graach. Dat wie wol in dreamsenario."
De twadde goal foar Cambuur liet lang op him wachtsje, en dêrtroch koe Achilles yn de wedstriid komme. Doe't spits Martijn Barto yn de twadde helte de 2-0 makke, wist Hulshoff genôch: "Nei de 2-0 wie de wedstriid oer. Ik tink dat we it dêrnei prima útspile ha." Cambuur stiet no op it fiifde plak yn de earste difyzje en dermei foldocht it oan de doelstelling: "Us doel is noch hieltyd om yn de top fiif te einigjen, en dan it leafst sa heech mooglik. Dat kin in soad foardiel opsmite yn de play-offs", sa seit Hulshoff.
Man fan de wedstriid
Man fan de wedstriid wie Martijn Barto mei twa doelpunten. De spits siet tongersdei hielendal stikken nei it bekerduel tsjin AZ, mar woe snein dochs graach spylje. "De trainer kwam naar me toen en zei 'wat wil je zondag?'. Toen zei ik, je bent sportman en op voetbal gegaan omdat je het leuk vindt. Dus als je kan spelen moet je spelen."
Dochs wie it in behoarlike feroaring, fan in fol stadion yn Alkmaar nei in sfearleas sportpark yn Groesbeek: "Natuurlijk speel je liever in een stadion waar 17.000 man zitten en waar sfeer heerst. Maar je moet niet vergeten dat er wel drie punten liggen hierzo. Die hebben we nu binnen en ik denk dat dat een goede zaak is", seit Barto.