Twa rûzjemakkers út hoarekasaken yn Ljouwert set

05 mrt 2017 - 17:10
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat sneontenacht twa rûzjemakkers meinaam nei it buro. In 24-jierrige ynwenner fan Den Helder waard oanhâlden, nei't er ferfelend wie tsjin klanten yn in ytgelegenheid yn de stêd. Hy waard der útset, mar dêrnei socht er rûzje mei oare minsken. De man krige in proses-ferbaal.

Ek in 22-jierrige ynwenner fan de gemeente Ljouwerteradiel krige in proses-ferbaal. Hy hie tefolle drank op en moast in kroech yn de Alde Doelesteech ferlitte. Omdat er ferfelend bleau, waard de plysje ynskeakele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)