Cambuur pakt oerwinning tsjin Achilles '29

05 mrt 2017 - 16:33
Martijn Barto - Foto: awfoto.nl

Cambuur hat de kater fan ôfrûne tongersdei, doe't de ploech troch AZ útskeakele waard yn de heale finale fan de KNVB-beker, fuortspield mei in 3-0 oerwinning op Achilles '29. Grutte man wie oanfaller Martijn Barto, dy't twa doelpunten makke.

De ploech fan trainer Sipke Hulshoff begûn skerp oan it duel yn Groesbeek. Al nei 6 minuten wie der in goeie aksje op links fan Tarik Tissoudali. Syn foarset kaam telâne by Martijn Barto en de spits fan Cambuur makke de 1-0. De Ljouwerters gienen op syk nei mear, mar kânsen foar Tissoudali en Barto smiten gjin doelpunten op. Oan de oare kant wie Smajic gefaarlik foar Achilles.

Yn de twadde helte wie it opnij Barto dy't skoarde. Yn de 55e minút waard syn skot fan rjochting feroare, wêrtroch keeper Te Loeke fan Achilles kânsleas wie. Dernei hie Cambuur de kontrôle en koe it de wedstriid rêstich útfuotbalje. Achilles besocht it wol, mar kaam net tichteby as in skot fan Smajic dat krekt njonken de peal gie. Tsien minuten foar tiid sette ynfaller Stefano Lilipaly de einstân op it boerd mei in moai skot yn de krusing.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)