Ireen Wüst foar de sechsde kear wrâldkampioen

05 mrt 2017 - 16:13
Ireen Wüst - Foto: awfoto.nl

Ireen Wüst is oan de ein fan it WK allround yn Hamar foar de sechsde kear wrâldkampioen wurden. Op de 5000 meter makke se har lytse efterstân op de Japanse Miho Takagi hiel rom goed. Martina Sábliková wûn 'har' ôfstân yn 6.54.57, Wüst waard twadde yn 7.00.86. Troch de winst fan de Tsjechise op de langste ôfstân klom se nei it twadde plak yn de einstân. Takagi (7.10.14, 6e tiid) pakte it brûns yn it einklassemint. Antoinette de Jong, mei 7.02.63 tredde op de 5000 meter, sakke nei it fjirde plak yn de einstân.

Trefwurden: 
reedriden WK allround
(Advertinsje)
(Advertinsje)