Winst foar VV Hearrenfean, Snits Wyt Swart spilet lyk

05 mrt 2017 - 16:08

Yn de haadklasse A hat VV Hearrenfean snein yn de útwedstriid tsjin SJC in knappe oerwinning helle. It waard 2-1 foar de ploech fan trainer Marcel Valk. By it skoft stie it noch 1-0 foar de thúsploech. Yn de twadde helte soargen Ivar Span en Han van Dijk derfoar dat de punten dochs mei nei Hearrenfean giene. Yn de 83e minút wie der noch in reade kaart foar Niels den Haan fan VV Hearrenfean.

Yn deselde haadklasse A spile Snits Wyt Swart mei 2-2 gelyk yn de útwedstriid tsjin De Bataven.

De thúsploech út Gendt begûn goed oan de wedstriid en stie nei trije minuten al mei 1-0 foar. Dat wie ek de rêststân. Yn de 58e minút makke Freerk de Jong de lykmakker foar de Snitsers mei in ôfstânsskot fan wol 35 meter. In kertier letter stie it 2-1, mar Age Hains Boersma makke fjouwer minuten letter de lykmakker. Yn de hektyske slotfaze wiene der reade kaarten foar Freerk de Jong fan Snits en Gertie Rikken fan De Bataven. Ek waard der noch in goal fan De Bataven ôfkard fanwege bûtenspul.

(Advertinsje)
(Advertinsje)