Sven Kramer fergruttet syn foarsprong

05 mrt 2017 - 15:13
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer moat op de 10 kilometer gjin rare dingen dwaan. As hy dat net docht, is er foar de njoggende kear wrâldkampioen allround. Kramer waard twadde op de 1500 meter yn 1.45.78, syn tsjinstanner en ploechmaat Patrick Roest waard tredde yn 1.45.88, syn tredde pr. De winst wie foar de Rus Denis Yuskov yn 1.44.41. Kramer hat op de 10 km 3.40 foarsprong op Roest. Tredde man yn it klassemint Jan Blokhuijsen, mar 15e op de 1500 meter, moat 22.52 goedmeitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)