"Caparis, dêr kin je mar better mei ophâlde"

05 mrt 2017 - 15:04

"Caparis, dêr kin je mar better hielendal mei ophâlde", dy konklúzje lûkt Albert Hendriks fan it toerismeburo Friesland-Holland. Hy siet snein as opinymakker oan tafel yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries.

Neffens Hendriks ha amtners en politisy lang genôch bewiisd dat se net by steat binne om dizze organisaasje goed te lieden en oerein te hâlden. "Boppedat kin misken mei in beheining better direkt mei begelieding oan de slach by gewoane bedriuwen", sa fynt Hendriks.

Foarsitter Ultsje Hosper fan de FNP foel him dêr foar in grut part yn by: "Caparis is út syn foegen groeid, dêr is gjin sicht mear op te hâlden. It moat folle lytsskaliger allegear."

Harkje nei it folsleine nijsfoarum yn Buro de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)