Meardere minsken oanhâlden foar riden mei drank op

05 mrt 2017 - 14:28
Alkoholkontrôle - Foto: ANP XTRA

Ferskate minsken moasten yn de nacht fan sneon op snein harren rydbewiis ynleverje en krigen in rydferbod om't se mei drank op efter it stjoer sieten. In 37-jierrige frou út Grins moast om fjouwer oere moarns har rydbewiis ynleverje by it Kealledykje. Om 5 oere hinne waarden fierderop yn de stêd noch trije oare bestjoerders troch de plysje trappearre. Twa fan harren, 31-jierrige ynwenner fan Roosendaal en in 23-jierrige frou út Ljouwert, rieden apart faninoar ek noch tsjin it ferkear yn.

De iene die dat op de Willemskade, wylst de oare dat die op de Schalkbrugstrjitte. In 23-jierrige Feanster krige in rydferbod om't er mei de auto op it Beursplein oer it fytspaad ried.

Trefwurden: 
alcohol ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)