Ireen Wüst wint 1500 meter, mar is noch net de nûmer ien

05 mrt 2017 - 14:21

Ireen Wüst hat de 1500 meter wûn op it WK allround yn Hamar, mar de lieding is nei trije ôfstannen noch altyd yn hannen fan Miho Takagi. Yn in streekrjocht duel mei Takagi ried Wüst de winnende tiid: 1.55.49, Takagi waard twadde yn 1.55.81. Martina Sábliková waard tredde yn 1.56.15 en Antoinette de Jong fiifde yn 1.56.77. Op de lêste ôfstân, de 5000 meter, moat Wüst 0.95 goedmeitsje op Takagi. Antoinette de Jong moat 12.72 ynhelje en Sábliková 13.55.

(advertinsje)
(advertinsje)