Ljouwerter film wint Amerikaanske filmpriis

05 mrt 2017 - 13:32

"Giraffe", ien fan de dielnimmers oan it 48 hour film projekt yn Ljouwert, hat yn Amearika by de wrâldfinale fan it projekt in wichtige filmpriis wûn. Op it Filmapalooza is de film ûnderskieden yn de kategory Best Writing, en einige it op it tredde plak yn de race om de titel Best Film. It 48 hour film projekt is in wedstriid wêrby't dielnimmers yn 48 oeren in folsleine film meitsje moatte. Fan skript oant einmontaazje. "Giraffe" is makke troch it team J.S. Film.

It is net foar it earst dat in Ljouwerter film dy't makke is yn it 48 Hour projekt yn Amearika prizen wint. "Fred's last minute" wûn yn New Orleans in priis foar de beste akteurs.

(advertinsje)