Terherne yn aksje tsjin grutte frachtskippen troch it doarp

05 mrt 2017 - 11:35

Terherne wol gjin grutte frachtskippen troch it doarp. It doarp fynt it gefaarlik foar de lytse rekreaasjefeart en it soe fierder skealik wêze foar it toerisme en de lokale bedriuwen. De provinsje is fan doel om de farwei tusken It Hearrenfean en Terherne oan te pakken sadat grutte skippen dêr farre kinne. It giet dan om skippen fan 110 meter lang mei in wetterferpleatsing fan 3 miljoen liter. Fierstente grut, sa sizze pleatslik belang, de ûndernimmers en de wettersportferiening yn it doarp.

'De wâlbeskoeiïngen wurde fernield en boppedat is it gefaarlik foar toeristen dy't manmachtich nei Terherne komme mei harren boatsjes. Der hawwe oant no ta gjin grutte ûngelokken op it wetter west en dat moat sa bliuwe', seit de foarsitter fan pleatslik belang. Terherne is yntusken in hantekeningaksje begûn om de plannen fan de provinsje te kearen. Op 29 maart sille Provinsjale Steaten in beslút nimme.

Trefwurden: 
Terherne skipfeart
(advertinsje)
(advertinsje)