Hâld Moed grutte winner muzykkonkoers

05 mrt 2017 - 10:56

Fanfare Hâld Moed út Easthim is sneon de grutte winner wurden op it Foarjierskonkoers yn de Lawei yn Drachten. Yn totaal diene der 18 fanfare- en brassbandorkesten mei oan it konkoers. Hâld Moed helle ûnder lieding fan Siemen Hoekstra it heechste oantal punten fan de dei: 90,67. Dit levere de fanfare in earste priis mei promoasje en ûnderskieding fan de sjuery op. Fanfare Oranje út Minnertsgea einige krekt efter Hâld Moed, mei 90,42 punten. Sy krigen lykwols wol de beker foar it bêste ynspylwurk foar de heechste difyzje.

De priis foar it bêste ynspylwurk fan de 4e en 5e difyzje gie nei Ere Zij God Damwâld ûnder lieding fan Gerben Huizinga. De sjuery fûn it nivo fan de dei tige goed, en liet dat ek sjen mei it tal punten dat oan de orkesten jûn waard. Mar leafst seis fan de 18 dielnimmende orkesten meie it folgjende konkoers in difyzje heger útkomme.

Trefwurden: 
muzykkonkoers Hâld Moed
(advertinsje)