Dronken bestjoerder oppakt nei syktocht

05 mrt 2017 - 10:39

In 58-jierrige automobilist út de gemeente Eaststellingwerf moast yn de nacht fan sneon op snein syn auto en rydbewiis ynleverje by de plysje. De man siet mei drank op efter it stjoer en wie trochriden nei in oanriding. Yn de Zonnedauwstrjitte yn Haulerwyk soe er op in oare auto botst wêze, wêrnei't er útnaaide. Plysjes troffen de bestjoerder oan yn Easterwâlde. Hy hie fierstente folle dronken en ried mei in ûnjildich rydbewiis.

Trefwurden: 
alkohol ferkear plysje
(advertinsje)
(advertinsje)