Fiver Wolvegea baggere om mear bisten werom te krijen

05 mrt 2017 - 10:13
Foto: OPB, Rob van Hintum

De fiver yn park De Nieuwe Aanleg yn Wolvegea wurdt útbaggere om de wetterkwaliteit te ferbetterjen. De gemeente Weststellingwerf hopet dat dêrmei mear ferskate bistesoarten yn de fiver komme. Der moat goed 1500 kúb bagger út de fiver fuorthelle wurde. Leden fan angelsportferiening De Snoek út Wolvegea hawwe alle fisken út de fiver helle. De wurksumheden binne ûnderdiel fan de renovaasje fan it Roodbaardpark yn it ramt fan de gebietsûntwikkeling Wolvegea-Súd, in ynrjochtingsprojekt foar nije natuer, wettersuvering, lânskip en rekreaasje.

De wurksumheden wurde útfierd yn opdracht fan de provinsje, it Fryske Gea, it Wetterskip en de gemeente.

Trefwurden: 
Wolvegea baggerje
(Advertinsje)
(Advertinsje)