Fiiftûzen euro foar kado-keunstwurk foar Ljouwert

05 mrt 2017 - 09:45
It doarpshûs fan Baard

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel stelt fiiftûzen euro beskikber oan doarpsbelang Baard foar it projekt 'Leeuwarden krijgt heel veel moois cadeau'. Betingst is wol dat de folsleine finansiering fan it projekt rûn komt. Tsien doarpen, wêrûnder Baard, Easterlittens en Jorwert wolle mei-inoar in keunstwurk meitsje as kado foar de gemeente Ljouwert dêr't se fan 1 jannewaris 2018 ôf by hearre. Bern fan de seis skoallen út dizze doarpen sille it keunstwurk meitsje.

It keunstwurk bestiet út tsien puzelstikken. Dy litte de ienheid tusken de plattelânsdoarpen sjen. De finansjele bydrage fan de gemeente komt út it Foarinoar Fûns. Dat ynsteld is om inisjativen dy't in bydrage leverje oan de leefberens yn de doarpen te stimulearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)