Ynwenners NE-Fryslân moatte himmeldei organisearje

05 mrt 2017 - 09:25
Foto: Omrop Fryslân

De gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel roppe harren ynwenners op om in himmeldei te organisearjen. Hjirfoar moatte se sels op syk nei genôch frijwilligers. Wêr 't der himmele wurdt, meie de ynwenners sels bepale. Neffens de gemeenten is it it handichst om dat yn de eigen buert te dwaan, omdat minsken dan it meast profyt hawwe fan minder swalkôffal. De gemeenten stelle papierprikkers, gripers, pûden en konteners beskikber. Folle konteners wurde ophelle.

(advertinsje)
(advertinsje)