Minister Schippers komt op besite yn Snits

05 mrt 2017 - 08:47
De Ielânen yn Snits - Foto: Google Streetview

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens is no tiisdei yn Snits. Se leit in wurkbesite ôf oan wensoarchsintrum de Ielânen. De minister praat dan ek oer de âldereinsoarch en de berikberens dêrfan op it plattelân. Se komt op útnûging fan it senioarenetwurk Fryslân fan de VVD. De besite stie al earder pland, mar koe doe net trochgean. De minister krijt in rûnlieding troch de Ielânen en praat dêrnei oer de posysje en takomst fan soarchynstellings yn in plattelânsregio.

Trefwurden: 
Edith Schippers Ielânen
(Advertinsje)
(Advertinsje)