Elma de Vries wint KPN Marathon Cup

05 mrt 2017 - 07:32
Simon Schouten en Elma de Vries mei harren bekers - Foto: Timsimaging.nl

Elma de Vries fan De Haule hat sneon it einklassemint fan de KPN Maraton Cup op har namme skreaun. De Vries einige yn de lêste maraton as twadde efter Irene Schouten en bleau dêrmei har grutste konkurrinten foar de einoerwinnning, Lisa van der Geest en Iris van der Stelt, foar. It is foar De Vries de twadde kear yn tsien jier dat se de Maraton Cup wint. "Hier ben ik ongelooflijk blij mee. Ik was zo enorm gespannen voor de wedstrijd, stond bijna te kotsen langs de kant. En dan loopt het toch zo onvoorstelbaar goed af", sa sei De Vries.

By de manlju gie de winst nei Simon Schouten, hy koe syn konkurrinten Niels Mesu en Sjoerd den Hertog foar bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)