VC Snits wint mei 3-2 fan Alterno Apeldoorn

04 mrt 2017 - 22:54
VC Snits (hjir op argyffoto) - Foto: Martin de Jong

VC Snits bliuwt yn de race yn de kampioenspûl. De follybalfroulju fan coach Petra Groenland ha sneontejûn yn fiif sets mei 3-2 wûn fan Alterno yn Apeldoorn. Snits wûn de earste set mei 25-14. Dêrnei kaam Alterno sterk werom yn de twadde en tredde set dy't wûn waarden mei 25-17 en 25-20. De froulju út Snits joegen lykwols gjin belies en pakten de winst wer yn de fjirde set mei 25-17. Ek de fyfde set wisten se mei 15-10 yn har foardiel ôf te sluten.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)