UNIS Flyers wint en is troch nei heale finale BeNeLiga

© Twitter, @UNISFlyers
UNIS Flyers hat sneontejûn mei 4-2 wûn yn de útwedstriid tsjin Silverdome Panters út Zoetermeer. De iishockeyers fan It Hearrenfean binne dêrmei troch nei de heale finale fan de play-offs fan de BeNeLiga. De Flyers wisten yn de earste perioade al op foarsprong te kommen en joegen dy net mear út hannen. Bezak en Postma brochten de stân op 2-0. Yn de twadde perioade wiene it Janssen en Nijland dy't foar de Flyers skoarden. Zoetermeer wist ek in punt te meitsjen en sa gongen de ploegen mei 4-1 de tredde perioade yn.
Allinnich de Panters makken dêryn noch in goal en sa kaam de einstân op 4-2 foar de Flyers.