Keamerfraksje SP stelt fragen oer gasboarring Skoatterwâld

04 mrt 2017 - 22:11

De fraksje fan de SP yn de Twadde Keamer hat skriftlike fragen steld oer de gasboarring ûnder de wenwyk Skoatterwâld en it bedriuweterrein IBF/De Kavels by It Hearrenfean. De partij wol ûnder oare witte oft it wier is dat Vermilion al sûnt 2015 gas wint ûnder de wenwyk. Ek freget de SP him ôf oft minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken der fan op de hichte is dat de gasboarring trochgiet. Fierders freget de partij in ferklearring foar de miskommunikaasje tusken Vermilion en de gemeente Hearrenfean.

Hearrenfean kaam der yn desimber ôfrûne jier pas achter dat Vermilion út de boarput by Langsweagen yn buorgemeente Opsterlân al twa jier gas wint út de boaiem ûnder de wenwyk en it bedriuweterrein.

Ungerêste bewenners fan Skoatterwâld binne in petysje begûn tsjin de gaswinning. De petysje hat yntusken 350 hantekeningen oplevere.

(advertinsje)