Weert stjoert Aris mei lege hannen nei hûs werom

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert ha sneontejûn teloarstellend ferlern fan Weert. De Ljouwerters makken de lange busreis nei Limboarch om mei de winst werom te kommen, mar moasten troch in matich spul mei lege hannen wer nei hûs. Aris rûn de hiele wedstriid efter de feiten oan. Fia 26-20 nei it earste kwart stie it by rêst 44-35 foar Weert. Ek dêrnei koe Aris net folle ynbringe. It tredde kwart waard ôfsletten mei 72-59 en úteinlik wûn Weert fertsjinne mei 99-79.