LDODK kin wer net winne fan DVO

LDODK krige krekt as earder dit seizoen in geweldige oplawibus fan DVO, de nûmer lêst yn de kuorbal league. Yn Bennekom waard it 32-27 foar de thúsploech. LDODK begûn goed, kaam op in 3-0 foarsprong, mar nei 5-5 waard DVO hieltyd mear baas yn eigen hal. De stân by it skoft wie 18-13. Yn it begjin fan de twadde helte kaam de spanning werom (21-20 en 23-22), mar dêr bleau it by. Yn de lêste fiif minuten joech de thúsploech noch wat mear glâns oan de winst. André Zwart wie by LDODK goed op skot mei 9 treffers.
LDODK hat it eins altyd dreech tsjin DVO. Earder dit seizoen waard op 'e Gordyk mei 26-24 ferlern. Yn it seizoen 2015-2016 waard ek twa kear fan de Bennekommers ferlern.
Yn totaal hawwe de beide ploegen de ôfrûne fiif seizoenen tsien kear tsjininoar spile. DVO wûn sân kear, LDODK twa kear. Ien kear waard der lyk spile.
SCO ferliest
Yn de haadklasse A hat SCO de wedstriid tsjin SDO út Kamerik ferlern. Yn Wolvegea waard it fia de rêststân 9-15, úteinlik 25-31 foar SDO. Dat holp de ploech út Kamerik net, degradaasje is it gefolch. SCO wie al feilich.