FIDEO: Fryske bern dogge audysje foar Tina de Musical

04 mrt 2017 - 20:24

Tsientallen Fryske bern diene sneon yn Snits audysje foar Tina de Musical. It is in inisjatyf fan it famkestiidskrift Tina dat dit jier 50 jier bestiet. De musical giet oer Tina en har freonen. Foar dy rollen binne ferskate jongeren nedich. Yn totaal dogge sa'n 4000 bern út hiel Nederlân audysje. Ynkoarten wurdt bekend wa't de rollen krije. De musical giet yn oktober yn premjêre en wurdt dan goed 100 kear opfierd.

Trefwurden: 
audysje musical Tina
(Advertinsje)
(Advertinsje)