Takom seizoen trije Fryske damklups yn haadklasse KNDB

Damklup Huzum hat sneon yn in thúswedstriid syn plak yn de haadklasse fan it Keninklike Nederlânske Dambûn (KNDB) behâlden. Mei 11-9 waard der wûn fan Enschede. Damklup Hearrenfean is der yn slagge om te promovearjen nei de haadklasse. Yn de útwedstriid waard der mei 11-9 wûn fan Molenaarsgraaf. Dit hâldt yn dat der takom seizoen trije Fryske teams yn de haadklasse fan de KNDB spylje: Damkombinaasje Fryslân, Damklup Huzum en Damklup Hearrenfean.