FIDEO: Jeugd út hiel Europa by Viking Race yn Thialf

Twa dagen lang stride jongeren út hiel Europa tsjininoar op it iis fan Thialf. Yn dizze Viking Race, it grutste ynternasjonale reedrydtoernoai foar de jeugd, litte bern tusken de 11 en 16 jier sjen hoe hurd as sy op redens kinne. De jongeren komme ûnder oaren út Nederlân, Skandinavië, Dútslân, Eastenryk en Ruslân. De toppers fan de takomst ride dit wykein net foar it earemetaal mar foar de heechste ear!