Harns hâldt op mei proef foar boargerbegrutting

04 mrt 2017 - 18:34
Foto: ANP XTRA

De proef om de ynwenners fan Harns mear te belûken by it gemeentlik belied, giet net troch. No moandei soe der in earste byienkomst wêze oer de boargerbegrutting, mar der is te min belangstelling ûnder de boargers. Yn gearwurking mei de gemeente soe in oantal ynwenners 100.000 euro ferdiele kinne oer njoggen aktuele tema's. Nei in stimronde soene de inisjativen mei de measte stimmen ek echt opnaam wurde yn begrutting foar 2018, mar dat giet dus net troch. De gemeente hie 150 ynwenners útnûge foar de startbyienkomst. 

Oaren koene har oanmelde fia in iepenbiere útnûging. Der melden har mar 14 belangstellenden, wylst de gemeente op minimaal 60 rekkene hie. Dat fynt Harns ek it minimale oantal om mei in goeie ôfspegeling fan de maatskippij it jild te ferdielen.

De gemeente bliuwt sykjen nei manieren om de boargers te belûken by it opstellen fan it gemeentlik belied.

Trefwurden: 
boargerbegrutting proef Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)