Sven Kramer wint 5000 meter en nimt de lieding op WK

04 mrt 2017 - 17:58
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer hat mei oermacht de 5000 meter wûn op it WK allround yn Hamar. Mei 6.12.33 bleau er syn ploechmaat Patrick Roest (6.15.10, in pr) en Jan Blokhuijsen (6.15.99) rom foar. Troch de winst en it moaie achtste plak op de 500 meter giet Kramer nei de earste dei oan de lieding. Roest is de twadde yn it klassemint, hy moat snein 0.42 goedmeitsje op de 1500 meter om it earste plak oer te nimmen. Jan Blokhuijsen is tredde op 0.89. Sverre Lunde Perdersen stiet fjirde, Andrea Giovannini fiifde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)