Harkemase Boys pakt punt tsjin IJsselmeervogels

04 mrt 2017 - 17:35

De thúswedstriid fan Harkemase Boys tsjin IJsselmeervogels einige sneontemiddei sa as dy begûn wie, mei 0-0. Op sportpark De Bosk wiene der gjin echte grutte kânsen oan beide kanten, útsein ien fan Heine Uuldriks. Syn kopbal kaam lykwols op de doellatte en ek de rebound fan Klaas Schotanus gie neist. Nei de rêst gie it eins sa fierder. Beide ploegen krigen wol wat kânsen, mar wisten net te skoaren.

Oan it begjin fan de wedstriid krige Oebele Schokker fan Harkemase Boys in bosk blommen, om't hy syn 250e wedstriid yn syn fuotbalkarriêre spile.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)