Snitser fuotballers ONS ferpletterje SteDeCo mei 6-1

De fuotballers fan ONS Boso Snits ha sneontemiddei SteDeCo ferplettere mei 6-1. Yn it Súd-Hollânske Hoornaar bakte ONS der yn de earste helte net folle fan. SteDoCo kaam dan ek yn de 25e minút fertsjinne op 1-0. Dit wie ek de rêststân. ONS kaam nei rêst goed út de klaaikeamer, omdat trainer Richard Karrenbelt syn mannen goed de wierheid ferteld hie.
Al nei twa minuten yn de twadde helte makke Yume Ramos de 1-1 en yn de 59e minút helle Martijn Roosenburg út nei in foarset fan Ramos en skoarde de 2-1. Ramos makke yn de 66e minút syn twadde doelpunt út in korner: 3-1 en it gie mar troch. Yn de 77e minút skoarde Ramos de 4-1 en twa minuten letter skeat Renco van Eeken de 5-1 yn. Wer twa minuten letter waard it sels 6-1 troch Ale de Boer.
De meireizge supporters fan ONS wiene alhiel út 'e skroeven. ONS krige noch in oantal kânsen, mar de einstân bleau op 6-1 stean.