Ireen Wüst op twadde plak nei earste dei WK, De Jong treds

Ireen Wüst moat snein op de twadde dei fan it WK allround yn Hamar op de 1500 meter 0.61 goedmeitsje op de Japanse Miho Takagi. Takagi wûn mei oermacht de 500 meter en waard sechsde op de 3000 meter. Wüst waard op de earste dei twa kear twadde. De 3000 meter waard wûn troch Martina Sábliková yn 4.02.21, Wüst ried 4.03.71 en Antoinette de Jong 4.03.77, goed foar it tredde plak op de ôfstân, mar ek yn it klassemint. Sábliková is fjirde nei de earste dei.